Undernimmers: 'Hiele lytse iepening jout soelaas, mar gjin perspektyf'

02 feb 2021 - 12:41

Dat winkelbedriuwen fan nije wike ôf ôfheljen mooglik meitsje meie soene, is 'in hiele lytse iepening. Dat seit Joyce Walstra fan ûndernimmersferining MKB Noord. It jout ûndernimmers soelaas, seit se, mar it biedt gjin perspektyf.

Foto: Omrop Fryslan

Verslaggever Onno Falkena praat mei Joyce Walstra

Om sân oere jout premier Mark Rutte in parsekonferinsje oer de coronamaatregels. Sa't it no liket, komt der nije wike wat ferromming foar net-essensjele winkels. Dy binne al in skoft ticht, mar minsken soene der aanst wol produkten bestelle kinne, dy't se dan ophelje meie.

It jout in bytsje lucht, seit Walstra. "Het biedt iets van soelaas. Je kunt je winkel open hebben, en in contact zijn met je klanten. Maar het is een hele kleine opening. Je gaat hier geen enorme omzet en enorme wintst op halen. Dan moet de winkel echt open kunnen, maar dat lijkt er voorlopig niet van te komen."

Walstra pleitet foar in goeie exit-strategy. "We hebben een paar keer een datum gekregen waarop we open zouden kunnen, en we werden elke keer teleurgesteld. We zijn blij met deze opening, maar we hebben behoefte aan perspectief. Als ik met ondernemers spreek, dan zeggen ze dat ze het nog maar even volhouden. Tot april, of mei. Daarna gaat het niet meer."

(Advertinsje)
(Advertinsje)