Epke Zonderland traint net mear yn Epke Zonderland-hal: it waard te drok

02 feb 2021 - 11:54

De topturners fan it nasjonale team ha foar it earst traind yn de nije turnhal op It Hearrenfean. Dy is der kaam, omdat it yn de âlde hal te drok waard. De gemeente Hearrenfean hat mear as ien miljoen euro betelle foar de nije hal.

Foto: ANP

Yn de nije hal komme allinne topsporters te trainen. Dat is unyk yn Nederlân.

'In prachtich plak'

Neffens turner Epke Zonderland is it in prachtich plak. "Dizze hal hat alles wat in profesjoneel turner winskje kin. We kinne ús hjir optimaal tariede op de Spelen."

Earder trainde Zonderland foar TeamNL yn syn 'eigen' Epke Zonderland-hal. Dêr trainden net allinne de nasjonale toppers, mar ek de minsken fan de lokale turnferiening. No nimt Zonderland dêr ôfskied fan. Mar de âlde hal hâldt 'in spesjaal plakje', seit er.

Fertraging troch corona

Direkteur Rinse Bleeker fan Sportstad Hearrenfean hat de kaai in moanne letter krigen as de bedoeling wie. Troch it coronafirus koe net alles dat foar it turnjen nedich wie op tiid levere wurde. En de offisjele iepening lit noch langer op him wachtsje.

"Dit wolle we op feestlike wize fiere", seit Bleeker. Spitichernôch kin dat net, fanwege de coronaregels. Dêrom stelle we de iepening út oant it foarjier. We hoopje dat der dan mear moglikheden binne."

Direkteur Evert Jorritsma fan Topsport Noord

(Advertinsje)
(Advertinsje)