Fytsende ynbrekker besiket yn Ljouwert mei twa kassaladen op it stjoer te ûntkommen

De plysje hat moandeitenacht in man yn it nekfel grypt dy't krekt dêrfoar ynbrutsen hie by in winkel oan de Wirdumerdyk yn Ljouwert. De ynbrekker besocht op 'e fyts te ûntkommen, mei de bút - twa kassaladen - op it stjoer. De fyts dêr't er op ried, wie ek stellen.
© Shutterstock
De plysje krige krekt foar twaen nachts in melding fan in ynbraak oan de Wirdumerdyk. Doe't de aginten arrivearren, seagen se in persoan mei twa kassaladen op it stjoer fuortfytsen yn 'e rjochting fan De Weaze.
De 55-jierrige Ljouwerter koe oanhâlden wurde foar ynbraak. De fyts dêr't de man op ried, wie stellen by in eardere ynbraak oan de Oostersingel. De plysje ûndersiket de saak.