NOC*NSF ferlinget gearwurking mei Topsport Noord

02 feb 2021 - 11:17

Sportkoepel NOC*NSF ferlinget de gearwurking mei Topsport Noord oant en mei de Olympyske en Paralympyske Spelen fan 2024 yn Parys. Ek de gearwurking mei fjouwer oare sintra foar topsport en ûnderwiis yn Nederlân wurde fuortset. Om de werkenberens te fergrutsjen, is de namme feroare yn 'TeamNL centra'.

Foto: Google Street View

De fjouwer oare sintra dy't de topsport- en talintprogramma's fan de sportbûnen fasilitearje, binne Sportcentrum Papendal, BrabantSport, Topsport Amsterdam en CTO Metropool.

Under de namme Centrum voor Topsport en Onderwijs, waarden yn 2009 fjouwer TeamNL sintra akkreditearre. Letter is dêr noch ien by kaam. De fiif sintra fasilitearje op it stuit 77 topsport- en opliedingsprogramma's, wêrûnder olympyske en paralympyske sporten.

"Heel blij"

"We zijn heel blij dat we de accreditaties van onze vijf TeamNL-centra hebben kunnen verlengen", seit Maurits Hendriks, technysk direkteur by NOC*NSF. "Door deze samenwerking met regionale partners streven we continu naar een optimale dagelijkse trainingssetting, waarbij we topsporters en talentvolle sporters alle mogelijkheden bieden om het beste uit zichzelf te halen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)