Ljouwerter fernielt rút om't er gjin iten bestelle mei

02 feb 2021 - 11:03

De plysje hat moandeitejûn 33-jierrige Ljouwerter oanhâlden dy't in rút fan in restaurant oan de Grote Hoogstraat fernield hie om't hy gjin iten bestelle mocht.

Foto: Plysje

De man wie it restaurant yn rûn en woe iten bestelle. De eigener stjoerde him lykwols fuort, om't hy allinnich besoargje mocht. De Ljouwerter waard lilk en der ûntstie in wurdewikseling. De man skopte dêrnei tsjin it rút wêrtroch't dat bruts. De plysje koe de man yn de Poststraat oanhâlde foar fernieling.

(Advertinsje)
(Advertinsje)