Kollum: "Ik ha corona(-mazzel)"

02 feb 2021 - 08:29

"Earst krijst in berjocht fia de mail. As in soarte fan aperityf om op stoom te kommen foar it haadgerjocht. Yn dy mail stiet datst oer in kertier ynlogge kinst om de útslach fan de test te besjen. Yn dy fyftjin minuten kinst in kear nei de wc, de neils ôfbite en de kattebak ferskjinje. Dat lêste hie ik dien, doe't ik de link fan coronatest.nl oanklikte en de útslach yn my opnaam.

Willem Schoorstra - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Willem Schoorstra

Posityf. Jo binne posityf, stie der. Fan 'e weromstuit logde ik út. Ik hie sa goed as gjin klachten, hoe koe ik dan posityf wêze? Ik betocht my dat ik it wierskynlik ferkeard lêzen hie. Wierskynlik stie der dat ik in 'positief mens' wie, dat ik oanstriid hie om de glêzen altyd healfol te sjen, dat ik net wachte op in goeie dei, mar der sels ien makke. Dat ik de kop ivich yn de sinne hâlde en sadwaande noait skaad gewaarwurde.

Soksoarte positivens. Likegoed logde ik nochris yn foar alle wissichheid. It oardiel bleau itselde, ik hie it wol goed lêzen: 'Jo binne posityf'. Mei ien klap wie ik in ûnderdiel fan deistige sifers wurden, in boustien fan in statistyk dêr't jo net by hearre wolle. Yn alle gefallen kaam fuortendaliks in nasjonaal rêdwurk op gong, dat my as posityf minske in tydlik nij plak yn de maatskippij jaan moast. Te begjinnen yn 'e hûs.

Want as de mooglikheden der binne, moatte jo yn isolaasje. Net yn glês- of stienwol, mar yn folsleine ôfsûndering. Apart sliepe, apart ite en drinke, de wask yn in aparte waskkoer en ôffal yn in aparte ôffalsek. En as lêste it absolút oerstallige advys om inoar net oan te krûpen, net te tútsjen of, yn it gefal fan in partner, inoar net oan te triuwen. It is yn dy faze dat de betizing taslacht, feroarsake troch inoar tsjinsprekkende ynformaasje fan de GGD.

Fêst stiet datst nei likernôch in wike wer belle wurdst. Om te freegjen hoe't it giet en de rest fan it trajekt te bepraten. Fanwege it gegeven dat ik gjin oant amper klachten hie, tocht ik dat it frij simpel wêze soe. Dat wie it, mar tagelyk ek wer net. It advys dat ik krige wie nammentlik om my nochris teste te litten om te sjen oft ik 'skjin' wie, net mear besmetlik foar oaren. Op himsels klonk my dat logysk yn de earen, dat makke ik in ôfspraak en tufte de 'green mile' nochris del. De lju fan de testlokaasje seagen my lykwols nuver oan. Sa'n advys wie 'raar,' seine se, want 'posityf' kinst noch oant acht wike nei ynfeksje teste. Oars sein: it hie gjin nocht om my nochris teste te litten.

As jo nei ien wike 24 oeren frij fan klachten binne, meie jo nei bûten. Nei tsien dagen kinst wis gjin oaren mear besmette. Dat binne de feitlikheden koart gearfette. Hawar, myn ûnderfining mei dizze kwestje is dus dûbeld. Dochs telt oan de ein fan 'e rit mar ien ding, en dat is dat ik mazzel hân haw. Dat besef ik my bliksemse goed."

(Advertinsje)
(Advertinsje)