Waadferiening tekenet Waadaginda net fanwegen 'ûntbrekken dúdlike koers'

02 feb 2021 - 08:09

De Waadferiening tekenet de Waadagina (Agenda voor het Waddengebied 2050) net, om't se it net iens binne mei de ynfolling derfan. Ien fan de kritykpunten is neffens de feriening it ûntbrekken fan in dúdlike koers.

Waadferiening tekenet Waadaginda net

De Waadaginda 2050 beskriuwt hokker maatregels der de kommende jierren nedich binne om it Waadgebiet te beskermjen. Dêrby wurdt der sjoen nei de klimaatferoaring, de enerzjytransysje en de rekreaasjesektor op it Waad.

De Waadferiening is teloarsteld oer de Aginda, om't dy net de haaddoelstelling foar it gebiet oanpakt; in duorsume beskerming en ûntwikkeling fan de Waadsee as natuergebiet en it behâld fan it iepen lânskip.

"It is gewoan in grabbeltonne oan belangen", ferklearret Lutz Jacobi, direkteur fan de Waadferiening. "Definsje hat in part redigearre, de yndustry, de havens, eltsenien hat syn belangen. Mar der wurdt hjir net útgien fan wat it gebiet nedich hat."

Yntegraal beliedskader

Demisjonêr minister Van Nieuwenhuizen (Ynfrastruktuer en Wettersteat) hat oan de Twadde Keamer tasein dat yn it Uitvoeringsprogramma, dat fan it simmer klear wêze moat, dochs noch heldere besluten naam wurde sille. Neffens de Waadferiening is it better as dat programma diel útmakket fan de Aginda, om't der dan in yntegraal beliedskader komt foar it Waadgebiet.

Minder druk en mear romte

It Waadgebiet stiet neffens de Waadferiening ûnder hege druk fanwegen ûnder oare gas- en sâltwinning, skipfeart, yndustry, fiskerij, rekreaasje en klimaatferoaring. Dy druk moat omleech, sadat de natuer sterker wurdt en dy de klimaatferoaring better oankin.

Dêrneist moat der mear romte komme yn it gebiet. Dy is de ôfrûne jierren bot ôfnaam troch bygelyks ynpoldering en de oanlis fan diken. Ek it ôfnsijen fan see-earmen soe problematysk wêze, om't de mjuks fan sâlt en swiet wetter wichtich is foar de natuer en it bioferskaat. Dêr moat neffens de Waadferiening mear romte foar komme.

De Waadferiening wol dat der in mear strukturearre oanpak komt en in yngreven analyze fan de stân fan saken en wat der no barre moat.

It Waad by Koehoal - Foto: Omrop Fryslân/Remco de Vries

Protest fan boeren

Moandei protestearren ferskate boeren al tsjin de aginda foar it stedhûs yn Dokkum. De boeren ha harren petysje oanbean by de gemeente Noardeast-Fryslân, dy't de Waadaginda ûndertekenje sil. Neffens de boeren hat dizze Waadaginda grutte gefolgen foar harren bedriuw. Se fine it in kwealike saak dat se net belutsen binne by de diskusje oer dizze plannen.

Lutz Jacobi, direkteur fan de Waadferiening

(Advertinsje)
(Advertinsje)