Twadde edysje Onbeperkte Elfstedentocht set yn op tocht yn septimber

02 feb 2021 - 07:08

It giet oan - hooplik dan - foar in twadde edysje fan de Onbeperkte Elfstedentocht. De Alvestêdetocht foar minsken mei in beheining stiet foarearst pland foar 15 oant en mei 19 septimber. Foarich jier waard de tocht foar it earst organisearre. Sa'n 100 dielnimmers en buddy's leine de tocht op allerhanne wizen ôf: fan duofyts oant scootmobyl. Sûnt moandei is de ynskriuwing foar de twadde edysje iepen.

De Onbeperkte Elfstedentocht yn 2020 - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Inisjatyfnimster Sandy Krijnen fan Koarnwert fertelt dat it noch tige spannend is oft it wol of net trochgean kin. "Het is allemaal nog zo onzeker. Niemand weet hoe we er in september voor staan, in hoeverre iedereen gevaccineerd is."

Dochs is de kar makke om útein te setten mei de tarieding fan in twadde edysje. "De eerste Onbeperkte Elfstedentocht hebben we vorig jaar ook in coronatijd georganiseerd. En bovendien kost het ook tijd om alles op poten te zetten."

Doel om nei ta te wurkjen

En dat binne net de iennige redenen, seit Krijnen. "Het is heel belangrijk om deelnemers een doel in handen te geven. Daar kunnen ze naartoe werken. We willen in al het pessimisme een positief vooruitzicht bieden. Met de Onbeperkte Elfstedentocht als doel komen en blijven mensen in beweging."

Sandy en har hûn Bowie - Foto: Omrop Fryslan

De coronakrisis is ek foar minsken mei in beheining in drege tiid. Just dêrom is in útsjoch op sa'n evenemint moai, fynt Krijnen. De earste dielnimmers hawwe har alwer ynskreaun, ek dielnimmers dy't ferline jier al meidiene. Krijnen krige fuortendaalks al leave berjochten fia de telefoan.

Logistyk barren

Krijnen is tefreden oer hoe't it ferline jier gie. Dochs sil der ek it ien en oar feroarje. "Het is vooral een heel logistiek gebeuren. Een aantal start- en finishlocaties en verzorgingsplaatsen veranderen we. In Dokkum hadden we vorig jaar een finishplaats bij een schoolgebouw. We hoorden van deelnemers dat ze het liever in het centrum hadden gehad. Zo blijven we leren. We kunnen hier de draaiboeken weer op aanpassen."

Sandy Krijnen

(Advertinsje)
(Advertinsje)