Tsjerkwert sammelet jild yn foar nij Alvestêdekeunstwurk

02 feb 2021 - 06:36

Yn Tsjerkwert binne plannen foar in tredde keunstwurk oan de Alvestêderûte. 'Fyftjin en Fierder' bestiet út sechstjin stielen sylhûetten. Om't it plan te min subsydzje krige út it Iepen Mienskipsfûns hat de wurkgroep Cultuur Tjerkwerd in crowdfundingaksje opset. Dy kin rekkenje op stipe fan ûnder mear Alvestêdetochtwinners.

Foto: Stichting Fyftjin en Fierder

Fyftjin en Fierder is makke troch keunstner Pieter Jan Stallen. It wurk giet oer de histoarje, mar ek de takomst fan de Alvestêdetocht. It keunstwurk bestiet út kortenstielen sylhûetten: ien reedrider, W.A. van Buren, oftewol Willem-Alexander en fyftjin taskôgers. "It slacht op it oantal tochten dat riden is", leit Fokko Rollema fan wurkgroep Cultuur Tjerkwerd út. "It is de bedoeling dat de doarpsgenoaten model komme te stean foar dy sylhûetten."

Tsjerkwert - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

It moat in oanfolling wêze op de tegeltsjebrêge by Gytsjerk en de earebôge op de Bonkefeart yn Ljouwert. It keunstwurk komt yn Tsjerkwert om't dat healweis de rûte leit. Anne de Vries fan de wurkgroep wie fuortendaalks entûsjast oer de komst fan it keunstwurk. "Ik tocht, dit past hjir hiel moai", fertelt er. "Ik seach it gelyk sitten."

lokaasje keunstwurk by Tsjerkwert - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

De wurkgroep hie subsydzje oanfrege út it Iepen Mienskipsfûns, mar de bydrage wie net genôch. Wylst it neffens De Vries wol deeglik in mienskipsprojekt is. Sa wurde skoalbern belutsen by ien fan de bylden: in heit mei in famke op it skouder. De bern fan groep 6 fan CBS De Reinbôge betinke in tekst. De Vries: "Wat tinkt dat famke boppe-op de skouders fan har heit? Wat bart der yn de takomst, wat sjocht sy?"

Warkumer Trekfeart by Tsjerkwert - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

De gemeente hat wol jild beskikber steld foar it plan. "Mar dat is noch lang net foldwaande", leit Rollema út. "Dêr moat noch sa'n 70.000 euro by." De wurkgroep set dêrom takom freed útein mei in crowdfundingaksje, ynklusyf spotsje. "Wy besykje de keninklike bedriuwen te benaderjen. Wy hawwe de âld-winners fan de Tochten al entûsjast krigen. Dus we hawwe in hiel soad izers yn it fjoer."

Anne de Vries en Fokko Rollema

(Advertinsje)
(Advertinsje)