Winkeleigeners It Hearrenfean bliid mei ôfhelloket: "It is in earste ljochtpuntsje"

De lockdown-doar giet mooglik wer in hiel lyts bytsje iepen foar winkels. It kabinet tinkt der oer om net-essinsjele winkels tastimming te jaan foar it ôfheljen fan produkten. Dit soe betsjutte dat klanten kochte spullen ophelje kinne en dat winkels minder hoege te besoargjen. Winkelju op It Hearrenfean binne der bliid mei, mar kinne ek hast net wachtsje om de doarren wer gewoan te iepenjen.
Ljochtpuntsje foar winkellju
Eigener Ankie Moll fan kleanwinkel Nebraska op It Hearenfean sjocht it plan foar in ôfhelloket wol sitten. "Dêr kinne we wol echt wat mei. It is in lyts ljochtpuntsje, want we wolle gewoan iepen. Mar goed, wy gripe alles oan wat ús helpe kin en dit is yndied it earste ljochtpuntsje dan wer."
Moll hat yn de coronatiid har online ferkeap útboud en hat it dêr hiel drok mei. Alle dagen gean se middeis live op ynternet om de klanten sjen te litten wat se yn de winkel ha. "It is in hurde kearn, in fêste groep klanten dy't ús al hiel lang folget en dêr't we fan wite dat se yn 'e buert wenje." Moll hopet dizze klanten sa gau as mooglik ek wer yn de winkel te sjen.
Ferslachjouwer Willem de Vries gie op besite by kleanwinkel Nebraska op It Hearenfean
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Nynke de Vries fan boekhannel Binnert Overdiep op It Hearrenfean is ek bliid dat der in ôfhelloket komme kin. "We binne bliid dat we de minsken wer sjen kinne en wer helpe kinne. En it skeelt foar ús hiel folle tiid dat we net hoege te besoargjen en it gelyk út de winkel klearlizze kinne." De Vries mist it kontakt mei de klanten bot. "Dat is echt in grut gemis no. Allinnich fia de telefoan en mail is dochs oars."
It leafst soe se dan ek de klanten gewoan wer yn de saak ha. "Dat minsken gewoan lekker rêstich sneupe kinne. Foar je gefoel stiet der dochs noch wol in bytsje tiidsdruk op mei in ôfhelloket, mar we binne hjir al tige bliid mei."
Nynke de Vries fan boekhannel Binnert Overdiep op It Hearrenfean
© Omrop Fryslân, Willem de Vries