CNV-foarsitter Fortuin sit yn tinktank SER: "Ynvestearje om wer oan de praat te kommen"

01 feb 2021 - 21:13

Der moat sa gau as mooglik in konkreet plan komme foar hoe't Nederlân út de coronakrisis komt. Dat seit in tinktank fan de Sociaal Economische Raad, de SER. CNV-foarsitter Piet Fortuin sit út namme fan de fakbûnen yn dizze spesjale tinktank: "We moatte echt ynvestearje om wer oan de praat te kommen."

Foto: Omrop Fryslân

"We sitte yntusken in jier yn de coronakrisis, en we sjogge dat der net allinnich in protte ekonomyske skea is, en in protte sûnensskea, mar dat it ek wat docht mei it wolwêzen", seit Fortuin. Mei de SER, de tinktank dêr't sa'n tweintichtal maatskiplike organisaasjes ynsitte, wolle se derfoar soargje dat it lân mei perspektyf de krisis wer útkomme kin.

Fortuin: "Yn it plan fan de denktank steane in pear dingen. Wy sizze: set it werstelbelied maksimaal troch, soargje derfoar dat der boud wurdt oan wolwêzen, soargje derfoar dat der omtinken komt foar kwetsbere groepen." Ek de kommunikaasje is neffens harren wichtich foar it stimulearjen fan de ekonomy. "Soargje derfoar dat it in yntegrale oanpak is."

Perspektyfnota

In perspektyfnota, sa neamt Fortuin it werstelplan fan de SER. En dêr binne fansels grutte ynvestearringen foar nedich, dêr't it kabinet al foar in grut part mei dwaande is. "It kabinet hat al tsientallen miljarden op tafel lein as it giet om stipe foar bedriuwen, foar wurknimmers, yn de sûnenssoarch", seit Fortuin. "Gek genôch is op dit stuit jild net it probleem. It regear kin goedkeap jild liene", seit de CNV-foarsitter. "Dit is eat fan de langere termyn. Eltsenien hat ferlet fan ljocht yn de tunnel."

It nije kabinet dat aanst komme sil, kriget fansels ek flink wat foar de kiezzen. "Dat nije kabinet hat in pear wichtige útdagingen, sa as útdagingen op de arbeidsmarkt. Hoe kinne we dat op in goede wize organisearje?", seit Fortuin. "En ek, hoe krije we de ekonomy wer oan de praat, en hoe krije we de kwetsbere groepen en de sûnenssoarch wer op oarder?"

Piet Fortuin fan it fakbûn CNV oer de tinktank fan de SER

(Advertinsje)
(Advertinsje)