Henk de Jong wer nei Harkemase Boys

16 nov 2011 - 12:07

Fuotbaltrainer Henk de Jong komt werom by Harkemase Boys. Oant ein desimber sil hy it earste team fan de klup traine. Dat docht hy allinne op tiisdeis en tongersdeis. Konrad Ongersma en Willem Weening bliuwe einferantwurdlik. Sy steane ek lâns de kant by de wedstriden.

Harkemase Boys moast op syk nei in oare trainer omdat haadtrainer Wieb Rodenhuis him siik meld hat nei in konflikt. Neffens Rodenhuis is der gjin gemy mear tusken him en assistint-trainer Marc van Meel. Henk de Jong bliuwt ek gewoan oan it wurk by SC Cambuur. Hy wie earder ek al goed trije jier lang trainer op 'e Harkema. De komst fan De Jong jout Harkemase Boys romte om it konflikt mei Rodenhuis út te praten. Slagget dat net, dan sil de klup op syk nei in oare trainer.

(advertinsje)