Oanfaller Nick Doodeman komt fuortendaliks nei SC Cambuur

Fuotballer Nick Doodeman makket fuortendaliks de oerstap fan FC Volendam nei de Ljouwerter fuotbalklup SC Cambuur. Dat soe earst takom simmer pas, mar de klups hawwe moandei ôfpraat dat it al earder kin.
© SC Cambuur
Trainer Henk de Jong en technysk manager Foeke Booy woene it leafst dat de 24-jierrige oanfaller fuort begjinne koe by Cambuur, dat sil no dus ek barre. Doodeman makke dit seizoen yndruk mei acht doelpunten en tsien assists yn tweintich wedstriden. Booy is dan ek bliid mei de nije oanwinst: "Zijn komst geeft ons weer meer mogelijkheden in ons aanvalsspel en dat is alleen maar goed op weg naar ons ultieme doel."
It kontrakt foar Nick Doodeman by Cambuur rint foarearst oant 2023.