Corona-útbraak Berchhiem skokt boargemaster Gebben: "Potferdikke, it sil je gebeure"

Boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel is flink skrokken fan de corona-útbraak yn ferpleechhûs Berchhiem yn Burgum. It giet om mear as santich besmettingen ûnder bewenners en meiwurkers, en der binne tolve bewenners ferstoarn fanwege it firus. It ferpleechhûs nimt ekstra maatregels. Sa mei der gjin besite mear komme op de ôfdielingen Hillemahofje en Oranjestins, dêr't it firus fûn is.
Ferpleechhûs Berchhiem yn Burgum © Omrop Fryslân
Dat it tal coronabesmettingen en -stjergefallen fluch oprint by Berchhiem, komt hurd oan by boargemaster Gebben. "Potferdikke, it sil je gebeure. It sil je pake of beppe, je frou of man wêze dy't der mei te krijen hat. Ja, dat docht wol wat."
Gebben wennet rjocht foar it ferpleechhûs oer, mar fernimt net in soad fan de útbraak. "It is in sletten ôfdieling, dus minsken dy't dêr wenje, komme net in soad bûten. Ek as je der tsjinoer wenje, sjogge je net safolle oars as dat it in moai tehûs is dêr't minsken fersoarge wurde." Yn it doarp wurdt der ek noch net in soad oer praat neffens Gebben. "Ik ha noch net in soad soarch heard."
© Gemeente Tytsjerksteradiel
Tiisdei is der wer in parsekonferinsje fan premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens. De ferwachting is dat der ferromming fan de coronamaatregels oankundige wurdt. Sa sille de basisskoallen fan nije wike ôf wer iepen. Boargemaster Gebben hat der mingde gefoelens oer, no't er fan sa tichteby in corona-útbraak meimakket.
"Ik jou it je te dwaan as je yn it ûnderwiis wurkje en je moatte wer foar in klasse mei tritich jeugdigen. Dat set je wol oan it tinken. It jout fuortendaliks ek wol oan hoe yngewikkeld oft it is. Oan de iene kant hearst de mienskip freegjen om fersoepeling fan maatregels, we binne eins in bytsje coronawurch. Oan de oare kant, corona is noch net fuort en de Britske fariant komt der noch oan. Dus ik snap dat it hiel yngewikkeld is om in goede kar te meitsjen."
Gebben drukt syn ynwenners noch mar ris op it hert om de coronamaatregels yn acht te hâlden. "Bêste minsken pas asjebleaft op, want it firus is noch net fuort."
Ferpleechhûs Berchhiem yn Burgum © Omrop Fryslân
Boargemaster Jeroen Gebben fan de gemeente Tytsjerksteradiel