Drachtster krijt trije dagen sel en wurkstraf foar stjoeren opruiende teksten

01 feb 2021 - 18:20

In 19-jierrige Drachtster hat trije dagen sel en in wurkstraf fan 120 oeren krigen, omdat er ferline wike opruiende teksten stjoerd hie yn in chatgroep. Yn de teksten hie er it oer 'oorlog maken' yn Utrecht. Yn de chatgroep ferskynden ferline wike berjochten dêr't minsken yn oproppen waarden om nei Utrecht te kommen om te rellen.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De berjochten binne ferstjoerd mei de telefoan fan de man út Drachten. Dy seit dat hy de berjochten net ferstjoerd hat, en dat syn freonen syn telefoan wol brûke, foar fan alles noch wat. De rjochtbank leaut him net.

Njonken de sel- en de taakstraf krijt de Drachtster ek in selstraf ûnder betingst fan twa moanne mei in proeftiid fan twa jier.

Trefwurden: 
Drachten rjochtbank rellen
(Advertinsje)
(Advertinsje)