Beckham en Malala nei Ljouwert: Fries Museum lient portretten fan museum yn Londen

It Fries Museum yn Ljouwert krijt hast hûndert portretten en selsportretten yn brûklien fan de National Portrait Gallery yn Londen. It giet bygelyks om in portret fan keninginne Elizabeth I út 1575, mar ek fan aktrise Audrey Hepburn, âld-fuotballer David Beckham en aktiviste Malala Yousafzai.
Shirin Neshat, Malala Yousafzai, 2018 © National Portrait Gallery, Londen
It Fries Museum krijt ek in libbensgrut selsportret fan keunstner David Hockney. De kolleksje komt yn de hjerst nei Ljouwert ta. De tentoanstelling wurdt oanfolle mei ferskate wurken út it Fries Museum.
De National Portrait Gallery hat mear as 215.000 portretten yn de kolleksje. It Fries Museum kin dêr wurken fan liene, omdat it museum yn Londen renovearre wurdt.
Direkteur Kris Callens fan it Fries Museum