FIDEO: Blydskip by âlden en bern dat skoalle wer iepen giet

01 feb 2021 - 17:00

De basisskoallen meie fan nije wike ôf wer iepen. Dat is ta grutte blydskip fan bern en âlden, mar by de masters en juffen binne der dochs ek wol soargen. De ûnderwiisfakbûnen dogge de oprop om dosinten foarrang te jaan by faksinaasje.

Blydskip by âlden en bern dat skoalle wer iepen giet

Op De Gielguorde yn Mantgum sitte gewoanwei sa'n 140 bern op skoalle. Dizze moandei binne dat 14. De bern dy't no op skoalle sitte, binne der wiis mei dat se nije wike wer mei alle freonen en freondinnen yn de klasse sitte.

By de famylje Janssen yn Mantgum binne se al wiken dwaande mei thúsûnderwiis. Dat giet net ûnaardich, al is mem neffens de bern wol in strange juf. Ek sy binn der hiel wiis mei dat se daliks wer nei skoalle meie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)