Joey van den Berg: "Ik ga ze niet vertellen hoe je mensen dwars doormidden schopt"

Yn de nije SportCast is der wer in hoop te bepraten. Sa pakt SC Hearrenfean fjouwer punten út de lêste twa wedstriden, rekkenet SC Cambuur ôf mei it anty-fuotbal fan MVV én is it ek nochris Deadline Day: de dei dat spilers foar it lêst in transfer meitsje kinne. Om dy reden hinget technysk manager Gerry Hamstra fan Hearrenfean oan 'e line. Ek prate we mei âld-fuotballer Joey van den Berg, dy't no jeugdtrainer is by SC Hearrenfean.
De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen. Fynst der ek de podcastôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.
Joey van den Berg is ek de man dy't noch altyd it rekôr op namme hat fan de measte reade kaarten yn de earedifyzje. "Allemaal onterechte kaarten", laket de âld-oanfierder fan Hearrenfean oer de sân kear dat er fuortstjoerd waard. Hy is bliid dat hy fuotballe foar it tiidrek fan de fideoskiedsrjochter. "Ja, ik zou nou voor de helft van het salaris uitbetaald krijgen."
Op dit stuit is Van den Berg yn de jeugdoplieding fan SC Hearrenfean assistint-trainer fan de ûnder 15 jier en ûnder 18 jier. "Dat is echt leuk! Ik ga ze natuurlijk niet vertellen hoe je mensen dwars doormidden schopt, maar ik weet precies wat je moet doen om het niet te halen." Dochs sjocht Van den Berg yn de maatskippij wol wat ûntstean, dat trochwurket nei it fuotbal. "De echte winnaars zijn er steeds minder. Onderling wordt het steeds minder geaccepteerd wanneer je elkaar op fouten wijst en direct bent."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.