Ald-sprintkampioenen: "Femke Kok is natuurlijk een fenomeen"

Femke Kok lit de reedrydwrâld dit seizoen fersteld stean mei har prestaasjes. It sprinttalint fan Nij Beets prestearre ferline wike al wat unyks troch yn ien wykein twa wrâldbekeroerwinnings te heljen op de 500 meter. It ôfrûne wykein die se dat keunstke noch ris oer. Ald-sprinters Erben Wennemars en Gerard van Velde binne ûnder de yndruk fan Kok.
Femke Kok
"Femke Kok is natuurlijk een fenomeen", sa falt Wennemars fuortendaliks mei de doar yn 'e hûs. De twafâldich wrâldkampioen sprint is bot te sprekken oer wat Kok de lêste twa wrâldbekerwykeinen sjen litten hat. "Als je kijkt waar ze vandaan komt en hoe snel haar ontwikkeling gaat, dat is ongelooflijk. Als je vier keer de 500 meter wint en de laatste keer zelfs alleen rijdend, dan ben je ongelooflijk volwassen."
Technysk sjocht it der neffens de âld-sprinter ek goed út. Hy is no analist en sjocht in soad races fan har. "Het is een lust om naar te kijken. Vooral technisch, het gemak waarmee ze schaatst en hoe stabiel ze is. Ze rijdt fantastische bochten. Ik denk dat het voor iedere coach een lust is om met haar te werken."
© Orange Pictures
De coach fan Kok is Gerard van Velde. Hy is as âld-sprinter ek ûnder de yndruk fan de resultaten fan syn pupil op de 500 meter. "Dat is super uniek. Ze wint er vier achter elkaar, dat had ik ook niet direct aan zien komen. Wat ik hartstikke mooi vind, is dat ze vier keer onder in de 37 rijdt. Dat is heel knap. Het is een zeer getalenteerde dame", seit Van Velde, dy't dêr bot fan genietsje kin as coach.
Yn 2002 waard Van Velde Olympysk kampioen op de 1.000 meter, in ôfstân dy't Kok ek hiel behoarlik ride kin. Sa wûn se by de wrâldbeker ferline wike en it ôfrûne wykein brûns. Dochs binne der noch wol saken dy't de rydster fan Team Reggeborgh ferbetterje kin neffens har coach: "De kleine details, zoals bochtingangen, van de lijn af, snel in positie komen en compactheid."
Als ze alle goede dingen op een rijtje zet, is een 36'er echt wel mogelijk.
Coach Gerard van Velde oer Femke Kok
De lêste wiken sit Kok hiel ticht by it baanrekôr fan 37,02 dat op namme stiet fan de Russyske Angelina Golikova. Ek it Nederlânsk rekôr fan 37,06 fan Friezinne Thijsje Oenema is binnen berik. Sa ried Kok ferline wike 37,08 yn Thialf.
Neffens Van Velde is it in kwestje fan tiid foardat Kok as earste Nederlânske frou in 36'er rydt. "Ik denk het wel, maar het is nooit een makkelijke klus. Of het op het WK gebeurt, weet ik niet. Het overkomt je een beetje. Als ze alle goede dingen op een rijtje zet, dan is het echt wel mogelijk."
Femke Kok en coach Gerard van Velde yn desimber by it WKKT © Orange Pictures

Topfavoryt foar WK

It WK ôfstannen is oer oardel wike it lêste toernoai fan it reedrydseizoen. Deselde dielnimmers sille dêr oan de start stean as mei de wrâldbekers de lêste wiken. En dus is Kok de topfavorite foar de oerwinning op de 500 meter, fynt ek Wennemars. "Ze heeft geluk dat de Japanse dames niet aanwezig zijn, maar daar kiezen die Japanners zelf voor. De druk ligt bij Femke. Vorig jaar kende nog niemand haar en nu is ze gearriveerd. Zij is torenhoog favoriet voor het WK. Als ze het zo meteen doet, is het echt ongelooflijk."
Van Velde wol, sa as in echte coach, de ferwachtings net te heech stelle foar de tweintichjierrige Kok. Hy wol dan ek net prate oer in favoriterol, mar sjocht wol dat de prestaasjes fan Kok ek troch oaren sjoen wurde. "Het brengt de nodige druk mee. Je moet wel realistisch zijn, de nummer twee zit er telkens maar een paar honderdsten achter."