Tolve bewenners ferpleechhûs Berchhiem yn Burgum stoarn troch coronafirus

01 feb 2021 - 15:55

Der binne oant no ta tolve bewenners fan ferpleechhûs Berchhiem yn Burgum stoarn as gefolch fan it coronafirus. Op de lokaasje is in grutte corona-útbraak op de psychogeriatryske ôfdieling en it tal besmettingen nimt rap ta. Yntusken binne der 37 bewenners fan de ôfdielingen Hillemahofje en Oranjestins en 35 meiwurkers fan Berchhiem posityf test op it coronafirus. Earder waard bekend dat seis bewenners stoarn wiene troch it firus. Dat oantal is no dus ferdûbele.

Grutte corona-útbraak yn Berchhiem yn Burgum

Om de fersprieding fan it firus yn kaart te bringen, wurde de bewenners dy't earder negatyf test binne, tiisdei opnij test. De útslach hjirfan wurdt tongersdei ferwachte. Ek alle 400 meiwurkers fan de lokaasje Berchhiem wurde previntyf test.

It ferpleechhûs nimt ekstra maatregels. Der mei gjin besite komme op de ôfdielingen Hillemahofje en Oranjestins. De meiwurkers dogge harren wurk mei folsleine beskerming oan. Allinnich in fêst diel fan it personiel mei by de besmette bewenners komme.

Berchhiem falt ûnder de KwadrantGroep. De soarchorganisaasje wol noch net reagearje op de sitewaasje.

Berchhiem yn Burgum - Foto: RTV NOF

Ferslachjouwer Hayo Bootsma oer de sitewaasje yn Burgum

Trefwurden: 
Burgum Berchhiem coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)