SC Hearrenfean seit kontrakt mei ferdigener Andreas Skovgaard op

01 feb 2021 - 15:29

Sportklup Hearrenfean hat it kontrakt mei ferdigener Andreas Skovgaard opsein. De 23-jierrige Deen kaam twa jier lyn oer fan FC Nordsjaelland, mar hat net ien wedstriid spile yn it earste alvetal. Ofrûne seizoen waard er ferhierd oan it Sweedske Örebro SK. It kontrakt mei Skovgaard rûn noch oant takom jier.

Foto: Orange Pictures

"Voor beide partijen is het niet geworden wat we ervan hadden verwacht", lit technysk manager Gerry Hamstra witte op de webside fan de klup. "We zijn gezamenlijk op zoek gegaan naar de beste oplossing voor zijn situatie. We danken Andreas voor zijn inzet en wensen hem uiteraard veel succes bij het vinden van een nieuwe club."

(Advertinsje)
(Advertinsje)