Opnij minder coronabesmettingen meld, wol in soad yn Tytsjerksteradiel

01 feb 2021 - 15:19

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 138 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 13 minder as snein, doe wienen it der 151. Gemiddeld komme der alle dagen 166 nije besmettingen by, sjoen nei de ôfrûne wike.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Tytsjerksteradiel (20). Yn dy gemeente stiet ek it Burgumer ferpleechhûs Berchhiem, dêr't in grutte útbraak is. Ek yn Súdwest-Fryslân binne 20 nije besmettingen meld. Dêrnei komt De Fryske Marren (18) en Ljouwert (17).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren trije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. It giet om twa ynwenners fan de gemeente Ljouwert en ien fan de gemeente Hearrenfean.

Der is ien Fries yn it sikehûs yn rekke mei corona. Dat is in ynwenner fan Súdwest-Fryslân.

Lanlik

Yn hiel Nederlân binne de ôfrûne 24 oeren 3.280 coronagefallen fêststeld. Dat is it leechste sûnt ein septimber.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)