Burgumer iisbaan iepen foar jeugdleden

01 feb 2021 - 15:13

De iisklup fan Burgum hat de iisbaan moandeitemiddei iepen, foar jeugdleden oant 12 jier. Der meie op syn meast hûndert bern komme, mei it each op de coronamaatregels.

Burgumer iisbaan iepen foar jeugdleden

Ofrûne wykein fernielde in groepke famkes noch in stik fan de iisbaan. Likegoed kin der wol riden wurde.

Willem Provily, foarsitter fan de iisklup, hat om 13.00 oere op it iis stien. "Wy seinen, we dogge it wol. Moarn is it wer teiwaar. We litte de bern ride en we sjogge wol oant hoelang't we it folhâlde kinne." Der leit ien oant twa sintimeter iis op de skeelerbaan fan asfalt. Yn 2019 wie it de lêste kear dat der iis op de baan lei.

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei Willem Provily

Ek it bestjoerslid moast even in proefrûntsje ride. It iis wie al net sa hurd mear. Ilse en Vera ha al 10 rûntsjes riden. Se fûnen it moai om te dwaan.

De iisbaan fan Burgum is net de iennichste dy't iepen is, ek by dy fan Holwert binne bern oant tolve jier wolkom om de earste baantsjes ride.

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei riders

Trefwurden: 
Burgum iisbaan coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)