Tachtich coronapasjinten yn Fryske sikehûzen, 21 minsken op IC

Yn de Fryske sikehûzen lizze op dit stuit 80 pasjinten dy't besmet binne mei it coronafirus. Dêrfan lizze 21 minsken op in IC-bêd. Dat docht bliken út sifers fan it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland.
Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean oan de Thialfweg © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De sifers yn Grinslân binne krekt wat leger. Dêr lizze der op dit stuit 67 coronapasjinten yn it sikehûs, wêrfan 24 op de intensive care. Yn Drinte binne dat der opfallend minder. Dêr lizze der 'mar' 35 minsken mei in coronabesmetting yn it sikehûs, wêrfan 11 IC-pasjinten.