Boubedriuw Van Wijnen wol troch mei nij Cambuurstadion; Friese Poort fernuvere

01 feb 2021 - 14:11

Boubedriuw Van Wijnen set troch mei de ûntwikkeling fan in nij Cambuurstadion. Dat meldt de Ljouwerter Krante moandei. Earder sei it bedriuw dat se de saneamde businesscase fan it nije stadion besjen woene, nei't ûntwikkelder Wyckerveste him weromluts út it bouprojekt. Ut dat ûndersyk komt no nei foaren dat Van Wijnen tinkt dat it nije stadion der komme kin. Mar by Friese Poort, ien fan de grutste hierders yn it nije stadion, binne se fernuvere.

Sa moat it nije stadion derút sjen - Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

Van Wijnen waard troch ûntwikkelder Wyckerveste by it projekt helle as bouwer fan it stadion. No wol it bedriuw dus sels de rol fan ûntwikkelder op him nimme.

Cambuurdirekteur Gerald van den Belt lit witte bliid te wêzen mei it nijs. "Ik heb de afgelopen tijd bij de overleggen gezeten. Wij zijn bij Cambuur blij met de conclusies van Van Wijnen. Het is nu even afwachten wat de vervolgstappen zijn."

Friese Poort is fernuvere

Friese Poort is fernuvere oer de berjochtjouwing yn de krante, seit bestjoerder Remco Meijerink. "Wij zijn er nog niet uit met Van Wijnen. Wel hebben we afgelopen tijd een aantal maal met elkaar gesproken. Daarbij is er nog geen concreet voorstel geweest dat de revue is gepasseerd. Ik heb in die gesprekken ook niks gehoord waarvan ik zeg, hier moet uit te komen zijn. Het bericht in de krant is hoopvol, maar die hoop baseer ik niet op de gesprekken die wij hebben gevoerd."

De skoalle bliuwt yn petear mei it boubedriuw. "We hebben afgesproken dat we tot 1 maart de tijd nemen om er samen uit te komen. Maar we zijn nog niet heel dicht bij een akkoord."

Oft der in rol foar boubedriuw Dijkstra Draisma is yn it projekt, is noch net dúdlik. De haadsponsor fan Cambuur lit út namme fan Dirk Jan de Rouwe witte dat der wat harren oanbelanget neat feroare is. "Wij hebben geen contact gehad met Van Wijnen, dus in die zin is er voor ons niks veranderd."

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar oer de saak

(Advertinsje)
(Advertinsje)