19e-iuwske foto fan legindaryske Fryske hurdrider fûn yn kringloop

01 feb 2021 - 14:14

In bysûndere fynst yn in Fryske kringloopwinkel: in orizjinele foto fan de ea ferneamde reedrider Ulbe van Dijk (1841-1910) fan Gau. Dizze iiskampioen wûn yn de 19e iuw de iene wedstriid nei de oare. Fan him wiene der mar trije foto's bekend. De nij ûntdutsen foto is de âldste, nei alle gedachten út de jierren 1870-1880.

Ulbe van Dijk (1841-1910) fan Gau - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Ulbe van Dijk wie yn it ferline in bekende koartebaanrider, in soarte Sven Kramer fan de 19e iuw. Kranten skreaune doe oer him as 'den koning der hardrijders', de 'ongeslagen kampioen' en 'de schier onoverwinnelijke.' Der hat gjin oare Fryske reedrider west dy't safolle kostbere prizen wûn hat.

Foar ien euro

De foto fan Ulbe van Dijk lei yn in kringloop yn in bakje tusken oare âlde cartes de visite. De ûntdekking waard dien troch histoarikus Sian Wierda, wurksum as sjoernalist by Omrop Fryslân. Hy naam de foto mei nei hûs foar ien euro.

Op de carte de visite stie gjin namme, mar dochs kaam de foto him bekend foar. Thús skeat it Wierda yn 't sin: it giet om itselde portret fan de reedrider Ulbe van Dijk dy't ek op de cover fan it boek Hardrijderijen yn Friesland stiet. Mar it docht bliken dat dy coverfoto in 20e-iuwske reproduksje is fan de orizjinele foto út de kringloop. Oant no ta wiene der mar trije foto's fan Ulbe van Dijk bekend, alle trije yn letter tiden makke.

De orizjinele foto njonken de reproduksje op de boekcover fan 'Hardrijderijen in Friesland' - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Wierda hat de foto oan it Fries Scheepvaart Museum yn Snits skonken. Dêr woene se de foto graach yn de kolleksje opnimme. Van Dijk kaam flakby Snits wei en it museum hat twa iissealen dêr't it ferhaal eventueel in moai plak krije kin.

Fries Scheepvaart Museum

"It is geweldich dat wy no dizze âldste foto yn de kolleksje opnimme meie. De ôfbylding fan sa'n grut reedrydkampioen is in moaie tafoeging oan wat wy al yn hûs hawwe oer de skiednis fan it reedriden," seit direkteur Meindert Seffinga.

IIsseal yn it Fries Scheepvaart Museum - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Ulbe van Dijk waard yn 1841 berne yn Gau. Syn heit wurke as boer en Ulbe soe him opfolgje. Doe't Ulbe 19 jier wie, wûn hy op De Jouwer foar it earst in priis mei in hurdriderij. En dêrnei gie it rap. Yn febrewaris 1864 waard der yn de krante skreaun dat Ulbe 'volgens een te Wijmbritseradeel loopend gerucht' al 600 gûne de moanne fertsjinne op it iis. Hy koe 160 meter yn 11 sekonden ôflizze. Faak gie Ulbe op moandei fuort en kaam er sneontejûn werom mei seis prizen fan 100 gûne of mear.

'De roem der Friesche schaatsrijders'

Op de koarte baan wie Ulbe jierren de rapste rider. Hy wûn net allinne jild, mar ek bygelyks in lúkse klok, horloazje en skinktsjettel. Hy wie in beroemd man: "De élite der provincie sprak hem aan, de besturen der ijsclubs vereerden hem." Yn 1864 soe kening Willem III him sels útnûge hawwe op paleis Huis ten Bosch yn Den Haag om de 'roem der Friesche schaatsrijders' te sjen. De reis soe wol betelle wurde.

99 prizen en preemjes

Ulbe wûn safolle prizen, dat guon iisklups him yn 1871 útsleaten fan dielname oan hurdriderijen. Nettsjinsteande dat gie yn 1873 foar it earst in priis oan Ulbe foarby: hy wie yn it 'schaatsenrijden eindelijk overtroffen'. Ulbe bleau noch oant 1879 aktyf riden, mar de winner fan eartiids wie hy net mear. Yn syn karriêre hat hy yn totaal 99 prizen en preemjes wûn. Eins hie hy 100 wollen, mar dat is him net mear slagge.

1871 en 1864 - Foto: Delpher

Mei boeredochter Aetske Terpstra krige Ulbe tusken 1867 en 1887 leafst 11 bern. Yn 1882 ferhuze de húshâlding nei Raerd. Van Dijk krige in lânboukrisis en sike kij foar de kiezzen. Hy liet it boer-wêzen efter him en ferhuze yn 1887 nei Wytgaard, dêr't er wurke as keapman en slachter.

Fan winner ta earmoedlijer

Yn 1889 gie Ulbe lykwols fallyt. Syn reedrydprizen moasten ferlotte wurde om de skuldeaskers te beteljen. Hy ferhuze nei Dronryp, dêr't er noch as keapman en arbeider wurke. Yn 1891 skreau de krante dat hy 'armoede lijdende' wie: "Aldus gaat de roem der wereld verloren!"

IIsklup Thialf fierde yn 1905 it gouden jubileum op It Hearrenfean mei âld-hurdriders as pommeranten. Ek de 63-jierrige Ulbe van Dijk wie derby, om sels noch in wedstriid te riden. It sil ien fan syn lêsten west hawwe. Yn 1909 ferhûze hy fan Dronryp nei Amsterdam, dêr't bern fan him wennen. Dêr ferstoar Ulbe van Dijk op 25 novimber 1910. Hy is yn Gau begroeven. Syn grêf bestiet hjoed-de-dei al net mear.

Sian Wierda oer de fotofynst en reedrider Ulbe van Dijk

(Advertinsje)
(Advertinsje)