Waadfûns ynvestearret oardel ton yn ferskate Fryske projekten

It Waadfûns makke moandei bekend dat it fûns oardel ton ynvestearret yn ferskate Fryske projekten om de leefberens en mienskip te fersterkjen. It giet om projekten yn Ferwert, De Flieterpen, op de Waadeilannen en it projekt 'Bildtstars en Eigenheimers' fan stichting Sence of Place.
© Pixabay
Doarpsbelang Ferwert/Hegebeintum krijt 20.000 euro foar it realisearjen fan in duorsume boarterstún. De Waadeilannen krije 18.000 euro út it Waadfûns om in online game te meitsjen om bern op de basisskoallen te learen hoe wichtich duorsumens op de eilannen is.
Doarpsbelang De Flieterpen - in gearwurking tusken de doarpen Ginnum, Jannum, Reitsum en Lichtaard - krijt 50.000 euro foar it nije doarpshûs. Ta beslút sil it projekt 'Bildtstars en Eigenheimers' fan stichting Sence of Place in ferfolch krije yn Grinslân. Dêrfoar stelt it Waadfûns ek 50.000 euro beskikber.