Cambuur Sjoernaal: Cambuur wint fan anty-fuotbalspyljend MVV

01 feb 2021 - 12:34

Foar in aardige fuotbalwedstriid hawwe je twa ploegen nedich. As der ien is dy't net fuotbalje wol, mar allinnich mar tsjinhâlde, dan is it bepaald net leuk om nei te sjen. MVV kaam net nei Ljouwert om der in moaie wedstriid fan te meitsjen. Foar de Maastrichtse goal waard in dûbele ferdigeningsliny opsteld. Oan Cambuur de taak om rêstich te bliuwen en toch te skoaren. Beide slagge. De 2-0 oerwinning makke it foar de Ljouwerters úteinlik allegear wer goed. Yn it Cambuur Sjoernaal wiidweidich omtinken foar de wedstriid Cambuur-MVV.

Cambuur Sjoernaal

Trefwurden: 
fuotbal Cambuur Sjoernaal
(Advertinsje)
(Advertinsje)