Produksje by bedriuwen Koatstertille leit stil troch metaalstaking

Meiwurkers fan Stertil en Biddle yn Koatstertille lizze dizze moandei harren wurk del. Yn de estafettestaking foar in nije cao yn de metaalsektor is it de sechde staking op rige. By Biddle leit op dit stuit de folsleine produksje stil troch de staking, fertelt meiwurker Koen Vroegindeweij. "Iedere collega is natuurlijk vrij om te doen wat hij wil, maar de meeste collega's zijn ervan overtuigd dat hun cao echt ondermaats is."
By Biddle yn Koatstertille wurkje sa'n 65 minsken, by Stertil 230, fan wa 80 yn de produksje. In grut oantal fan harren is nei de 'staakstrjitte' yn Jistrum kaam. Wurknimmers ride yn de auto by de trije partytinten fan it fakbûn del en jouwe har staakbriefke ôf.
Koen Vroegindeweij fan Biddle oer de staking
De meiwurkers stake foar in earlike en moderne cao en leansferheging. Ek wolle se ôfspraken meitsje oer it yn fêste tsjinst nimmen fan flekswurkers. Vroegindeweij: "Werkgevers maken in onze ogen gebruik van medewerkers. Metaalbedrijven draaien op dit moment als een tierelier, maar dat zien we niet terug in onze cao. Het is hoog tijd om daar iets aan te doen."
© Omrop Fryslân, Mats Gies
Ferline wike moandei waard ek al op dizze wize staakt yn Ljouwert. Ek dêr kamen in soad minsken út de metaalsektor op ôf. De cao foar de metaal jildt yn Nederlân foar goed 160.000 minsken.