Basisskoallen nije wike wer iepen; guon âldere dosinten ha noed oer feilichheid

01 feb 2021 - 12:30

"Guon âldere dosinten hawwe noch wol soargen oer harren eigen feilichheid as de skoallen nije wike wer iepen gean." Dat seit Jan Veenstra, bestjoerder by skoalkoepel Comprix. Under dy koepel falle 39 skoallen yn de gemeenten Opsterlân en East- en Weststellingwerf, mei yn totaal sa'n 4.000 skoalbern. "It is fansels moai dat wy wer iepen meie, mar wy ha noch wol ús fraachtekens."

Argyffoto - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Minister Slob fan Underwiis kundige snein oan dat de skoallen fan 8 febrewaris ôf wer iepen meie. Hoewol't in soad heiten en memmen dêr tige wiis mei binne, hawwe leararen sels noch in soad fragen. "De bern sitte der op te wachtsjen, dus we binne der wol bliid mei. De sinjalen dy't we krije dat guon learkrêften noed hawwe oer har feilichhei, sille we sa goed mooglik saken foar regelje. Under it personiel is de oardelmeter ôfstân goed te dwaan. Elk hâldt him deroan, en it wurket. We ha wol in pear besmettingen hân, mar dat hat net ta ekstra besmettingen laat."

Ekstra maatregelen

Der waard snein ek bekend dat der ekstra maatregels naam wurde by it iepenjen fan de skoallen, bygelyks mei sneltesten foar dosinten en klassen yn karantêne by in besmetting.

By de skoallen fan Comprix hawwe se de ôfrûne moannen al wurke mei in soad maatregels. "Alden binne net wolkom op skoalle, der binne spesjale rinrûten yn de gebouwen, we fentilearje de skoallen geregeld en we waskje fansels de hannen. Mar bygelyks oardel meter ôfstân hâlde yn 'e klasse, dat kin gewoan net."

Veenstra kin it him dan ek goed yntinke dat der noch mear ekstra maatregels komme. "Yn de lannen om ús hinne sjochst dat se ek op basisskoallen mear mei mûlkapkes wurkje. Ik kin my sa yntinke dat dat hjir ek in goed idee wêze kin. As dy mûlkapkes bydrage oan de feilichheid, sille we deroer neitinke, mar earst wachtsje we it advys fan de PO-raad ôf."

Cito-toets op it programma

Wannear't de skoallen wer iepen gean, is it hast fuort tiid foar de Cito-toetsen. Hawwe dy noch wol nut no't de bern wikenlang thús sitten hawwe? "Wy ha sein dat wy wolle dat de bern aanst op syn minst twa wiken ûnderwiis krije foar't se de toets meitsje. It makket net út as dat wat letter is."

"It is mar de fraach hoe't je de útslach fan dy toets op wearde skatte moatte. Learkrêften binne better yn steat om de kapasiteit fan in learling op wearde te skatten as de útslach fan de toets. Mar it is fansels net sa dat der fiif wiken gjin ûnderwiis jûn is. Dus de efterstannen binne no ek wer net sa grut as wol sein wurdt. Mochten de útslaggen ôfwike fan de ferwachting, dan nimme we maatregels om de eventuele learefterstân yn te heljen."

Jan Veenstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)