Driuwend sinnepark by Aldehaske klear; ûndersyk nei ekology

01 feb 2021 - 11:31

It driuwende sinnepark by Aldehaske is klear en oansletten op it elektrisiteitsnet. De goed 17.000 panielen binne pleatst yn de sânwinplasse en leverje stroom foar sa'n 2.000 húshâldingen. It is it tredde driuwende sinnepark yn Fryslân.

Foto: GroenLeven

Der wurdt ynset op lokaal eigendom troch de enerzjykoöperaasje de kâns te bieden it sinnepark te keapjen. Omwenners kinne mei in koarting sinnepanielen en omfoarmers fia GroenLeven keapje.

Troch de ljochttrochlittende glêspanielen bliuwe ljocht en loft it wetteroerflak reitsjen sadat de ekology yn stân bliuwt. By it park wurdt ûndersyk dien nei de ekology en wetterkwaliteit.

(Advertinsje)
(Advertinsje)