Gemeenten roppe Ryk op om jeugd perspektyf te jaan yn coronatiid

01 feb 2021 - 11:04

It Ryk moat oan de gong om jongeren wer perspektyf te jaan, yn dizze coronatiid. Dat is like belangryk as stipe oan bedriuwen dy't troffen wurde troch de coronakrisis en it giet fierder as allinne it iepenjen fan de skoallen. Dat seit in groep wethâlders, ûnder har is ek wethâlder Zoetendal fan de gemeente Hearrenfean.

Gemeenten roppe Ryk op om jeugd perspektyf te jaan yn coronatiid

Sy wolle dat it kabinet binnen fjouwer moannen mei foarstellen komt wêrmei't achterstannen fuortwurke wurde en dy't der foar soargje dat bern feilich en sûn en mei kânsen opgroeie kinne. It kabinet moat de plannen betinke yn gearwurking mei de gemeenten, helpferlieners en de jeugd sels.

Deltaplan

"It hoecht net hiel grut te wurden, mar it moat der wol fluch komme", seit wethâlder Jelle Zoetendal. Hy makket de ferliking mei it Deltaplan om Nederlân tsjin heech wetter te beskermjen. "It is tiid foar in yntegraal plan dat alle sektoaren mei elkoar ferbynt sadat de jeugd echt perspektyf krijt foar de takomst." It plan moat se it idee jaan dat se feilich opgroeie kinne, dingen leare kinne en wurk fine. "Alles wat no net kin, mar yn de takomst wol wer."

Saakkundigen út ferskate sektoaren moatte foar de simmer mei in plan komme. "Om bygelyks ekstra stipe te jaan oan bern mei psychyske need of bern dy't in wurktrajekt nedich hawwe." Ek tinkt er oan wat fleksibeler mei opliedingen omgean. "It is yn dizze tiid miskien dreger om te kiezen."

Hy ferwachtet in brede stipe foar dit plan. "Ik fernim dat mear gemeenten dit in goed idee fine. Ek út it fjild wei hearre we lûden dat se hjirop sitte te wachtsjen."

Foto: Shutterstock.com / Halfpoint

Wethâlder Jelle Zoetendal

Trefwurden: 
jeugd coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)