Tariedings foar proeven mei wetterreid yn Lauwersmar

01 feb 2021 - 11:01

Op fiif plakken yn de Lauwersmar wurdt moandei úteinset mei de tariedings foar saneamde 'wetterreid-proeven'. Doel is om te ûndersykjen hoe't wetterreid better groeie kin yn it gebiet.

Foto: ANP Foto

Fan âldsher siet de Lauwersmar fol mei reid. Dizze ferskûle plakjes wienen tige geskikt foar fûgels, lykas de reiddomp. Boppedat is de begroeiïng nedich foar in goeie wetterkwaliteit en de fiskstân. Ek beskermet it reid de wâlskant tsjin it wetter troch de streaming te brekken.

By de proef wurdt besocht oft it reid better groeit as it wetterpeil tydlik oanpast wurdt. De proef duorret fan 15 febrewaris oant en mei 1 april.

Trefwurden: 
wetterreid Lauwersmar
(Advertinsje)
(Advertinsje)