Soarchgroep Alliade ferrommet besikersregeling

01 feb 2021 - 10:45

Soarchgroep Alliade hat de besikersregeling mei it each op it coronafirus ferromme. Kliïnten meie ien besiker deis ha, fan op syn meast trije fêste besikers yn de wike.

Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

Twa wiken lyn waarden strangere regels ynsteld foar besite, omdat der grutte soargen wiene oer de Britske fariant fan it coronafirus, dy't doe opdûkte yn it noarden.

Yntusken binne de lanlike rjochtlinen oanpast. No mei der in 'sosjale bubbel' om in kliïnt hinne makke wurde, fan op syn meast trije fêste besikers yn de wike. Alliade giet dêr yn mei, útsein as op in lokaasje corona fêststeld wurdt. Yn dat gefal feroarje de regels foar besite wer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)