Noardlike fuotbaltopamateurs wolle minykompetysje hâlde

01 feb 2021 - 10:06

Seis noardlike klups út de top fan it amateurfuotbal binne fan doel om in ûnderlinge kompetysje te organisearjen, as blykt dat de offisjele KNVB-kompetysjes net trochgean kinne. It giet om Harkemase Boys, ONS Snits, Snits Wyt Swart, de Grinzer klups Be Quick 1887 en Oranje Nassau en ACV út Assen.

Foto: Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk

De seis klups ha mei-elkoar ôfpraat om in kompetysje te organisearjen, as de KNVB beslút om de reguliere kompetysje net mear ôf te meitjsen. Oft de regionale minykompetysje trochgean kin, hinget ek ôf fan de coronaregels.

De seis noardlike klups wolle in folsleine kompetysje fan thús- en útwedstriden spylje. Yn in foarriedich spylskema is de earste ronde pland op 24 april. Dat kin allinnich trochgean as de coronamaatregels op syn lêst begjin april ferromme binne, want de klups wolle trije wiken oan training yn de fuotten ha.

As dat net kin - omdat de coronaregels bygelyks ferlinge wurde - dan is it doel om in heale kompetysje te spyljen, dy't dan letter yn de maitiid begjinne kin.

"We misse it spultsje"

Jan-Piet Bosma, trainer fan Harkemase Boys, tinkt net de gewoane kompetysje noch útspile wurdt. By de Boys wurdt noch wol traind, yn twatallen en se dogge oare aktiviteiten. "We binne binnen de regels trochgien, we binne wol dwaande mar it is lestich plannen. It moaiste is fansels it fuotbalspultsje, it partijtsje en dat misse we. It is no de groep 'bezighouden' en dat we inoar sjogge en kontakt hawwe."

It inisjatyf foar de minykompetysje kaam fan ACV út Assen. "Doe't se bellen, woenen we wol meidwaan fansels. De earste wedstriid is al in moaie streekderby."

Jan-Piet Bosma fan Harkemase Boys

(Advertinsje)
(Advertinsje)