Boeren protestearje tsjin Waadaginda by stedhûs yn Dokkum

01 feb 2021 - 09:48

Ferskate boeren protestearren moandeitemoarn foar it stedhûs yn Dokkum. De boeren ha harren petysje oanbean by de gemeente Noardeast-Fryslân, dy't de Waadaginda ûndertekenje sil. Neffens de boeren hat dizze Waadaginda grutte gefolgen foar harren bedriuw. Se fine it in kwealike saak dat se net belutsen binne by de diskusje oer dizze plannen.

Boeren protestearje tsjin Waadaginda by stedhûs yn Dokkum

De Waadaginda 2050 beskriuwt hokker maatregels der de kommende jierren nedich binne om it Waadgebiet te beskermjen. Dêrby wurdt der sjoen nei de klimaatferoaring, de enerzjytransysje en de rekreaasjesektor op it Waad.

Sâltere boaiem

De boeren binne benaud dat de boaiem troch de plannen yn de Waadaginda sâlter wurdt. Boeren kinne harren lân dan net mear brûke. Se fine dat der earst ûndersyk dien wurde moat nei de maatregels yn it plan.

Foto: Omrop Fryslân, Ben de Jager

Ferslachjouwer Ben de Jager oer it protest yn Dokkum

Moasje fan de ried

De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân hie earder in moasje oannaam, dy't it kolleezje fan boargemaster en wethâlders oprôp de yntinsjeferklearring foar dizze Waadaginda net te ûndertekenjen. It kolleezje hat dizze moasje lykwols neist him dellein.

Spoedfergadering

Ferslachjouwer Ben de Jager spruts mei wethâlder Jelle Boerema. Hy fertelt wat de wethâlder oant no ta ûndernaam hat. "Wethâlder Boerema wol fêstlizze litte dat de simmerpolders ek op langere termyn brûkt wurde kinne troch boeren. Dizze bûtendykse simmerpolders lykje no ferlern te gean as de maatregels yn it plan trochgean. Tiisdei folget in 'spoedfergadering'. Dan sil der fierder praat wurde oer de Waadaginda."

Wethâlder Jelle Boerema oer de kwestje

Foto: Omrop Fryslân, Ben de Jager

"We ha bot noed oer de Waddenagenda 2050", seit Jan Swart, foarsitter VVE en pachters Noardeast Bûtendyks. "It kolleezje wol dat ûndertekenje mar se kinne totaal net oersjen wat de gefolgen dêrfan binne. Der leit ek noch in moasje om earst noch mar net te tekenjen, om earst wissichheid boppe tafel te krijen."

As de see mear romte krijt, kin it betsjutte dat de simmerpolders ûnderstrûpe. It sâlte wetter is min foar de fûgelstân en it bioferskaat.

Jan Swart, foarsitter VVE en pachters Noardeast Bûtendyks

(Advertinsje)
(Advertinsje)