Keunstrûte basisskoalle Het Slingertouw fleuret Feanster Skoatterwâld op

Keunst yn 'e hûs; der binne in soad minsken dy't in moai skilderij of byld yn de keamer hawwe. Mar net ien hinget syn keunstwurk foar it rút. Yn de wyk Skoatterwâld dogge se dat wól. De bern fan basisskoalle Het Slingertouw stelle harren eigen keunstwurk tentoan. Fan 1 oant en mei 5 febrewaris kinne minsken dizze bysûndere keunstwurken besjen op de spesjale Keunstrûte.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Om bern en harren heiten en memmen yn beweging te hâlden yn dizze lockdown betochten juf Annemarie en juf Jannie fan basisskoalle Het Slingertouw it plan om in eigen keunstrûte te meitsjen. "Elkenien kin syn eigen kreativiteit brûke. Wy ha in digitaal fotoboek makke, en dêr kinst alle keunstwurken besjen. Der binne ek bern dy't it hiele rút beskildere hawwe. En der binne sels prachtige houten keunstwurken makke."
Bykommend foardiel is dat de wyk Skoatterwâld in stik fleuriger wurden is. "Wy ha in oantal bern op skoalle dy't bûten It Hearrenfean wenje. Dy meie harren keunst ophingje op skoalle. It resultaat is prachtich wurden. Dus allegear nei bûten ta om te sjen wat wy makke ha!"
Juf Annemarie en juf Jannie
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
De ôfrûne wike waard der thús troch de bern drok wurke oan prachtige keunstwurken. It doel is dat de bern in raam yn hûs fersiere mei keunstwurken, sadat elkenien it besjen kin. Robin is ien fan de bern dy't wat makke hat. "Ik heb ons gezin in de sneeuw gemaakt. Het hele papier is blauw met witte staafjes erover heen. Ik heb er wel heel lang over gedaan. Ik heb het grote papier helemaal gekleurd en de sneeuw gemaakt met wattenstaafjes." It skilderij is te sjen by it rút fan de wenkeamer.
Robin syn mem is mar wat grutsk op it keunstwurk dat foar it rút hinget. "Dit is hartstikke leuk om samen te doen. We hopen op heel wat bezoekers die vanaf de weg Robin's kunstwerk komen bewonderen."
Keunstner Robin en syn mem