Kollum: "Klusse"

01 feb 2021 - 08:15

"Myn freon is berne mei twa rjochterhannen. As der wat stikken is dan makket hy dat. En as hy it net meitsje kin, dan printet er it yn 3D út en makket er it dochs noch. Fan jongs ôf hat hy dit talint. Hy is handich en wol sa handich dat hy der syn wurk fan makke hat. Sûnt fjouwer jier hat er syn eigen yngenieursburo.

Foto: Janneke de Haan

De Toan fan Janneke de Haan

Ik stean der faak mei ferwûndering nei te sjen. De auto makket in nuver lûd. It rútsje giet nei ûnderen, hy heart oandachtich en seit dan dat dit of dat stikken is. Kinst dy fêst yntinke hoe ferfelend it foar him is dat ik graach kaugom kôgjend yn 'e auto sit en dat hy by elke kaugombel dy't ik stikken klappe lit, tinkt dat der wat oan de auto mankearret.

Thús giet de motorkap iepen en skroefke foar skroefke wurdt it stikkene ûnderdiel út elkoar helle en wer makke. Itselde jildt foar fytsen, de waskmasine of oare, húshâldlike apparatuer. Lêstendeis wie it hânfet fan 'e slaadsintrifúzje stikken. Ik woe dat rotding fuortendaliks fuortsmite, mar myn freon sei: 'Wacht maar even'. In healoere letter kaam er oansetten mei in 3D-printe hânfet en it ding is wer as nij.

It âld bedstee sil in ynboukast wurde. Leuk! Lit my no ris betinke hoe 't we dat ha sille. Mar dan stean ik yn 'e kast en tink ik; "Wêr yn 'e fredesnamme moat ik begjinne?!" Myn freon sjocht ien kear om him hinne, pakt in stik papier en in rolmaat, makket in plan en giet oan 'e slach. Seagje, timmerje en boarje. Ein fan 'e dei: in prachtkast.

As hy dan drok dwaande is en ik stikem nei him sit te sjen, makket myn hert in lyts spronkje. Dat hy sels saken meitsje kin, fyn ik oe sa oantreklik oan in man. Hearst my dan ek net kleien. Perfoarst net. Mar somtiden fiel ik my allinnich in bytsje ûnnoazel dat ik soks net kin. En ek net gewoan in býtsje kin. Asto yn hûs wennest mei ien dy't super handich is, falt it ekstra op datst dat sels net bist. En dat gefoel sinniget my net. Dêrby hat myn freon oan karweikes yn 'e hûs lang net sa folle nocht as klusse oan syn motor. Dy putsjes bliuwe dus lizze. Heechste tiid dat ik sels kasten meitsje kin.

Hjoed is de dei dat der feroaring komt. Der moat in houthok komme. Op Pinterest ha ik in moai hok útsocht. Ik ha it hielendal betocht en sil dit karweike allinnich klear krije. Mei goeie moed gean ik oan 'e slach, oant myn freon seit; "Dit kun je beter zo doen". Hy wol it al hast fan my oernimme, mar ik tink, "Nee bliksem, ik sil hjir hjoed handich wurde!" We prate ôf dat hy my ynstruksjes jout, mar dat ik it fierder sels doch. In skoftke letter stean ik mei it swit op 'e kop te seagjen. Ik hear mysels hjir en dêr wat protteljen, mar ik set troch.

Trije sneinen letter stiet der in houthok. It hat wat fuotten yn ierde hân, mar it is klear. En it wie hearlik! Grutsk kin ik sizze dat ik bêst handich bin. Sa dreech is dat klussen hielendal net.

As ik ris wat oars wol, wurd ik gewoan klusfrou. Keapje ik in dikke bus mei op 'e sydkanten 'De Haan klusservice' en ryd ik de provinsje troch fan putsje nei putsje. Sil ik de klanten yn it foar miskien wol even warskôgje moatte, dat in karweike by my wol wat langer duorje kin."

(Advertinsje)
(Advertinsje)