ProRail nimt histoaryske perronkape ûnder hannen: "Boutje voor boutje halen we hem los"

01 feb 2021 - 07:24

ProRail hellet dizze wike de grutte perronkape boppe it stasjon yn Ljouwert fuort. It wurk is ûnderdiel fan de renovaasje fan de histoaryske kape út 1891. Dy renovaasje is nedich nei't yn 2016 bliken die dat guon kapen net langer bestân wiene tsjin de hurde wyn. Projektlieder Jim van Leersum hat der nocht oan. "Boutje voor boutje halen we de kap los."

It treinstasjon fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk

Om de perronkape fuort te heljen, slút ProRail in part fan it perron ôf. Van Leersum: "Op het afgesloten deel van het perron schuiven we de kap stukje voor stukje op totdat hij eraf is. Het blijft altijd een lastige puzzel om dit onderhoudswerk te combineren met reizigers die gebruik maken van het station. In dat opzicht komt het goed uit dat het nu rustiger is op het station door de coronamaatregelen."

Ryksmonumint

De perronkape komt út 1891 en is in ryksmonumint. En dus komt der hiel wat sjen by it ûnderhâldswurk, om alles feilich út te fieren. Mar dat hat ProRail der graach foar oer. "We willen graag ons erfgoed zo veel mogelijk behouden. De kap is een rijksmonument dan heb je de verplichting om daar goed voor te zorgen. We hebben volop overleg gehad met de gemeente, Hûs en Hiem en de Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed. Dit is toch iets anders dan een gewone kap."

Genôch beskutting

Yn de tiid dat de perronkape ûnder hannen naam wurdt, sille treinreizgers it dwaan moatte sûnder dak boppe de holle. "Er zal minder overdekte ruimte zijn dan er nu is", jout Van Leersum ta. "Maar we proberen wel wachtruimte te creëren waar men in ieder geval droog kan staan. Ook in het stationsgebouw is een verwarmde wachtruimte gerealiseerd. Kortom: er is voldoende beschutting."

Projektlieder Jim van Leersum fan ProRail

(Advertinsje)
(Advertinsje)