KNMI kundiget koade oranje ôf fanwege glêdens op 'e dyk

01 feb 2021 - 06:34

It KNMI hat moandeitemoarn koade oranje ôfkundige foar Fryslân fanwege glêdens. Op guon pakken kin it ferrifeljend glêd wêze op de dyk troch izel, ûnder oare yn Gaasterlân. Op de A6 tusken De Lemmer en Emmeloord rekken twa auto's fan de dyk.

Foto: ProNews Producties

De A6 by Bant wie moandeitemoarn snotteglêd. Troch de glêdens rekke in auto fan de dyk en sloech oer de kop. Twa minsken rekken ferwûne. In eintsje fierderop barde itselde. Troch de glêdens kaam in frou mei har auto yn de berm. Ek sy is nei it sikehûs brocht.

Koade oranje jildt net allinnich foar Fryslân, mar ek foar Noard-Hollân, Utrecht, Flevolân, Gelderlân, Oerisel en Drinte. Yn Grinslân jildt koade giel. Op meardere plakken yn it lân binne ûngelokken bard fanwege de glêdens, meldt de ANWB. Sa yn de rin fan de moarntiid ferdwynt de glêdens, ferwachtet it KNMI.

Trefwurden: 
KNMI koade Oranje glêdens izel
(Advertinsje)
(Advertinsje)