Twa ekstra 'Kamers met Kansen' om dakleazens foar te kommen

01 feb 2021 - 06:24

De dakleazensproblematyk moat dit jier oanpakt wurde yn Fryslân. Der is 3,5 miljoen euro beskikber om dakleazens foar te kommen, mar ek de opfang en begelieding better te meitsjen. Sawat ien tredde fan it jild giet nei de oanpak fan dakleazens ûnder jongerein, in hieltyd grutter wurdend probleem. Ien fan de projekten dy't yn dat ramt mear jild kriget is 'Kamers met Kansen' fan opfangorganisaasje Zienn.

Johan bewennet ien fan de Kamers met Kansen

"Ik wist dat als ik langer zou blijven, het verkeerd zou gaan. Ik heb net op tijd gehandeld, want twee weken later was er weer een uitbarsting." Johan Feddema is 23 jier âld en wennet yn ien fan de keamers fan it projekt 'Kamers met Kansen'. Yn 2019 bedarre hy yn in situaasje, wêrby't hy him net feilich fielde yn syn eigen hûs.

De details fan dy tiid wol Johan fierder net op yn gean. Wol seit hy dat syn eardere wensituaasje in kearpunt wie. Hy koe en woe net mear sa wenje en dêrom hat hy 'Kamers met Kansen' benadere. "Als dit niet mogelijk was, had ik niet meer geweten waar ik naar toe kon. Ik wilde alles weer op de rit krijgen en een houvast hebben. Dat had ik niet meer. Dit was voor mij de enige uitweg."

Jongerein nei skoalle ta

Lanlik is der 200 miljoen euro beskikber foar de oanpak fan dakleazens. Oanlieding is de groei fan it tal dakleazen yn Nederlân. Om foar in bydrage yn oanmerking te kommen, koene sintrumgemeenten in plan yntsjinje. It projekt Kamers met Kansen bestiet sûnt 2011 en hat op dit stuit 25 plakken oer hiel Fryslân dêr't jongerein telâne kinne.

De jongerein komme út ynstabile thússituaasjes, driigje dakleas te wurden of binne dat al. Ien betingst om foar in keamer yn oanmerking te kommen, is dat de persoan wol nei skoalle gean moat. Want it doel fan Kamers met Kansen is dat de jongeren in romte hawwe oant se in diploma helje. Dêrnei moatte se selsstannich wenje kinne.

Johan sit no yn it lêste jier fan syn mbû-oplieding. Hy wennet sa'n oardel jier op syn keamer oan it Zuidvliet yn Ljouwert. De studio is sa'n tritich fjouwerkante meter, dy't hielendal fan himsels is. It joech him rêst om einlik in plakje foar himsels te hawwen, mar dat betsjut net dat syn problemen foarby binne. Johan wie benaud. "Ik vond het in de eerste maanden moeilijk om helemaal alleen te zijn", fertelt er. Hy moat noch in soad tinke oan wat hy meimakke hat. Mar, sa seit er ek, it giet hieltyd better. "Door te praten, en soms ook dingen gewoon te doen, lukt het me steeds beter om mezelf te ontwikkelen."

Kontakt mei maatsje

Om de jongerein binnen it projekt troch in drege perioade te helpen, wurde se keppele oan frijwilligers. Yn it gefal fan Johan giet dat om Aafke Bootsma. Se is no twa jier frijwillich by it projekt belutsen. Yn it deistich libben wurket se as 'loopbaanbegeleider' by it Friesland College. "Ik sjoch op myn wurk dat bern somtiden fuortglydzje," fertelt se. "Se kinne harren net altyd rjochtsje op skoalle en it heljen fan in diploma troch wat der thús spilet."

Bootsma is dêrom bot motivearre om jongerein in basis te jaan wêrmei't se fierder kinne. "Sa kin ik se fierder helpe as somtiden bart op skoalle. Dêr hâldt it trajekt om fiif oere middeis dochs faak op."

Foto: Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân

Aafke helpt Johan mei ferskate saken. Hoe't hy bygelyks itensiede moat, of hoe't er syn keamer skjin hâlde kin. Mar somtiden giet it folle fierder, en ha se lange petearen oer de problemen yn it libben fan Johan. Dy petearen kinne oeral oer gean. "Ik kom somtiden al pratende wei efter dingen dêr't hy allinnich mei omrint," jout Aafke oan.

Dat komt om't Johan fan hûs út altyd meikrigen hat dat hy sels alles oplosse moat. "Hy seit it net maklik, as him wat dwers sit. Mar dêr besykje ik dan trochhinne te prikken", fertelt Aafke. "En dan helpt it dat ik mear in maatsje bin as in helpferliener."

Nij haadstik

It is no hast oardel jier nei't Johan ferhûze is en dat er Aafke moete hat. It giet in hiel stik better mei him. Hy kin him fokusje op wat hy wichtich fynt. Foar de kommende moannen is dat syn einstaazje op skoalle by CEW yn Ljouwert, in sintrum foar ûndersyk nei wettertechnology.

Johan hat in soad te tankjen oan Aafke, seit er. "Ze wijst me op dingen waarin ik me kan verbeteren. Ik kan het met haar ook heel makkelijk over bepaalde dingen hebben." De keamer op it Zuidvliet, en it kontakt mei Aafke, hawwe Johan dan ek rêst brocht, seit er. Hy kin wer foarútsjen. "Ik ben met een nieuw hoofdstuk in mijn leven begonnen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)