De Jong oer 'op de bal stean' fan Mac-Intosch: "We ha it der fantefoaren oer hân"

Trainer Henk de Jong ergeret him der net mear oan, dat tsjinstanners neat oars dogge as ferdigenje, as se tsjin Cambuur spylje. Dat sei er nei ôfrin fan de wedstriid tsjin MVV.
Henk de Jong
Ferdigener Calvin Mac-Intosch koe yn dy wedstriid hast in heale minút stilstean mei de bal oan de foet, foardat der ek mar ien wie dy't begûn druk te setten.
"Ik ha it lêsten sein op telefyzje", seit De Jong. "Minsken seine: 'dat dochst net', mar ik doch it wol. Tsjinstanners wolle net fuotbalje. Dat sil de kommende 16 wedstriden noch wol 12 kear sa wêze."
© Orange Pictures
"We ha it der faker oer hân. As tsjinstanners net wolle, geane we mei de poat op de bal stean. Wat moatte we oars?"

Mac-Intosch 'verbaasd' dat it sa lang duorre

It wie gjin statement, seit Mac-Intosch. "Dat was niet het idee. Maar ze hebben de hele wedstrijd niet veel gedaan. Dus ik dacht: 'dan doe ik ook even niets'. Ik was verbaasd dat het zo lang duurde voordat ze uitstapten."
Calvin Mac-Intosch
"Als ze uitstappen, vinden wij vaak de vrije man. Dat deden we goed. Het is lastig spelen tegen een ploeg die alleen maar verdedigt. Toen we de 2-0 maakten, was de wedstrijd voorbij. Ze hadden zo lang verdedigend gespeeld, dat ze niets anders meer konden."