Koprinner Cambuur wint iiskâld fan 'klup dy't net fuotballet'

31 jan 2021 - 21:51

SC Cambuur hat de kompetysjewedstriid tsjin MVV mei 2-0 wûn. It wie in drege wedstriid, omdat MVV oars neat die as ferdigenjen. Sels doe't dy ploech achter stie, setten de mannen út Maastricht net in stap tefolle.

Foto: Orange Pictures

Harkje nei in gearfetting fan it live-ferslach: Der is neat oan, seit ferslachjouwer Geert van Tuinen, noch gjin 20 sekonden foar it earste doelpunt

It spul wie yn de earste helte net om oan te sjen, benammen omdat MVV net spile. It wie 'hollen en stilstaan', mar dan sûnder it 'hollen'. Cambuur koe dêr net fan profitearje.

Direkt nei it skoft like it even better te wurden. Trije minuten nei it begjin fan de twadde helte makke Robert Mühren it earste doelpunt foar Cambuur. Doe pas begûn MVV ek wat te fuotbaljen.

Hiel hurd gong dat net. Ferdigener Calvin Mac-Intosch koe hast in heale minút stilstean mei de bal oan de foet, foardat ien fan MVV ek mar begûn druk te setten.

Koprinner Cambuur bleau de bettere ploech. Mees Hoedemakers ferdûbele de foarsprong mei in drûge skower yn minút 66. Fan in lytse 20 meter skeat er de bal yn de goal. Hy bepaalde de einstân.

Cambuur bliuwt koprinner yn de earste difyzje.

SC Cambuur - MVV 0-0 (2-0) 49. Mühren; 66. Hoedemakers.

Opstelling Cambuur: Stevens; Mac-Intosch, Schouten, Schmidt, Hoedemakers, Kallon (86/Ladan), Jacobs, Breij (72/Antonia), Maulun (86/Paulissen), Mühren, Sambissa.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal MVV
(Advertinsje)
(Advertinsje)