Froulju binne it iens: "Der moatte mear froulju oan de top komme"

31 jan 2021 - 21:50

Der moatte net allinnich mear froulike lieders komme, wy moatte as maatskippij ek oars sjen nei goed liederskip. Dat sei saakkundige Jolanda Holwerda yn it temaprogramma oer froulik liederskip fan Buro de Vries. Wy sjogge no nei goed liederskip út in mannelik perspektyf wei en dat byld moat oars.

Yn it radioprogramma Buro de Vries praten saakkundigen mei mekoar oer froulik liederskip.

"Als we naar leiderschap kijken, dan kijken we naar mannelijke kwaliteiten: besluitvaardig, assertief, verbaal vaardig, dominantie. Het zijn allemaal mannelijke eigenschappen waar wij een goede leider mee associëren."

"Vrouwelijke eigenschappen als verbinden, empatisch vermogen en goed kunnen luisteren horen net zo goed bij goed leiderschap, maar die associatie leggen we niet". Neffens Holwerda is it troch ús byld fan in goeie lieder foar manlju makliker om troch te groeien nei topposysjes.

Jolanda Holwerda - Foto: Merlijn Doomernik

Holwerda komt fan It Hearrenfean, is oprjochter fan de LOF academy, haadredakteur fan it tydskrift LOF en se jout training op it mêd fan froulik liederskip. Yn in rûnetafelpetear yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân gie Holwerda yn petear mei Ciska Wijmenga, rektor magnifikus fan de RUG en Annemarie Jorritsma, âld-minister en âld-boargemaster.

Jorritsma wie dúdlik doe't har de fraach steld waard oft de wrâld mear froulike lieders nedich hat. "Ja, absoluut. Alleen al vanuit een soort rechtvaardigheidsgevoel. De wereldbevolking bestaat uit de helft mannen en de helft vrouwen.

Annemarie Jorritsma - Foto: ANP

"In Nederland is de vrouwelijke helft van de bevolking minstens net zo goed opgeleid als de mannelijke helft", seit Jorritsma. "Het is ook voor organisaties beter als de leidende posities beter verdeeld zouden zijn." Jorritsma tinkt dat in bedriuw of organisaasje manlju én froulju nedich hat yn liedende posysjes.

Baas RuG tocht dat se 'niet goed genoeg' wie

Ciska Wijmenga promovearre yn 1993 en waard yn 2003 heechlearaar. Se wie al earder frege om heechlearaar te wurden, mar dat hat se doe ôfwiisd. "Omdat ik dacht dat ik niet goed genoeg was. Vrouwen hebben een zetje nodig."

Foto: ANP

Jorritsma kin dêr oer meiprate. "Als je aan een vrouw vraagt of ze lid wil worden van een Raad van Commissarissen, dan krijg je meteen de vraag terug of ze dat wel kunnen. Dat zul je een man niet horen vragen."

Froulju sille har minder beskieden opstelle moatte, tinkt Holwerda. Mar dat giet net sa maklik, omdat it hiel bot yn ús kultuer sit. Yn de Skandinavyske lannen is dat oars. Dêr moasten froulju nei de Twadde Wrâldoarloch meihelpe it lân wer op te bouwen. De berneopfang is dêr folle better regele en dêr wurdt ek oars nei berneopfang sjoen.

Yn Nederlân wurdt al gau sein datst gjin bern krijst om se nei de opfang te bringen. Wylst yn Skandinavië de berneopfang hielendal by it grutbringen heart. It is neffens Holwerda dan ek net tafallich dat krekt de Skandinavyske lannen in frou as premier ha. Yn Noarwegen, Yslân, Denemarken en Finlân stiet op dit stuit in frou oan it haad fan de regearing.

Rutte mei Sanchez (Spanje), Merkel, Michel (EU) en Von der Leyen (EU) - Foto: ANP

Neffens Holwerda spilet it mei dat froulju faker 'egoloos' binne. In lieder fan in lân moat it lânsbelang foarop stelle en net him- of harsels. By froulju sit dat mear yn har natuer as by manlju. Wylst dat tekoart oan ego ek krekt ien fan de oarsaken is dat froulju net sa maklik hegerop komme.

"Je hebt ego nodig om te komen waar je wilt zijn. Om op te bouwen. Daarna moet je je zwaktes erkennen en dan kun je je ego laten varen en kun je een goede leider zijn" seit Holwerda.

Ynhelslach op universiteit

Op de Ryksuniversiteit yn Grins is de lêste jierren in ynhelslach makke, seit Wijmenga. Yn 1993 wie 15% fan de minsken dy't promovearren, frou. No is dat 50%. En yn 2003 wie 8% fan de heechleararen in frou wylst dat no 28% is.

It is neffens Wijmenga wol nedich dat der maatregelen binne dy't der foar soargje dat it makliker wurdt foar froulju om op te klimmen. Sa hat de RuG it Aletta Jacobs stimulearringsfûns ynsteld, dêr't fyftjin nije learstuollen kreëarre binne, spesjaal foar froulike wittenskippers.

De trije froulju wiene it der oer iens dat der pas echt in feroaring komme kin as yn alle organisaasjes en bedriuwen mear froulju oan de top komme. "Het is te gemakkelijk om te zeggen dat de cultuur maar moet veranderen. We kunnen alleen de cultuur veranderen door te doen. Er moeten meer vrouwen in topposities komen, dan verandert de cultuur wel mee" wie de konklúzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)