FIDEO: Sa komt Iris Noordzij nei sân wiken oseaanroeien werom yn Raerd

31 jan 2021 - 18:59

Roeister Iris Noordzij is feestlik ûnthelle yn har thúsdoarp Raerd. Se is ien fan de fjouwer roeisters dy't yn 43 dagen en 5000 kilometer de Atlantyske oseaan oer roeid ha.

Roeister Iris Noordzij feestlik ûnthelle yn Raerd

As earste Nederlânsk frouljusteam diene de Atlantic Dutchesses mei oan de Talisker Whisky Atlantic Challenge. Se woene jild ophelje foar ûndersyk nei hert- en iersykten.

Werom yn Raerd stie in grutte ferrassing op Iris Noordzij te wachtsjen: in ûntfangstkomitee fan famylje, freonen en buertbewenners. Mei ballonnen, flaggen en gejuich stiene se har op te wachtsjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)