VC Snits ferslacht Eurosped nei fiif sets

De follybalsters fan VC Snits ha sneintemiddei Eurosped ferslein. It wie lang spannend yn Vroomshoop, mar de fiifde set (4-15) wie gjin probleem foar de Snitsers: se wûnen mei 2-3.
© Orange Pictures
De Friezen begûnen sterk troch de earste set mei 18-25 te winnen, mar it kakte dêrnei yn en de twadde set waard mei 25-13 ferlern. Nei in 25-20 knokten de Snitsers harren werom yn de wedstriid troch de spannende fjirde set mei 20-25 te winne.
De hikke wie dêrmei fan de daam, want de Snitsers pakten de fiifde set mei leafst 4-15 winst. Sterkste spiler oan de kant fan Snits wie Anlène van der Meer, sy helle 21 punten binnen.

Sechde plak

De Snitser stean nei trije wedstriden op it sechde plak yn de earedifyzje, mei fiif punten. Nije wike sneon sille se it opnimme tsjin nûmer trije Djopzz út Zwolle. Dy ploech hat 3 punten mear, mar spile ek al fiif wedstriden.