LDODK ferspilet koppysje tsjin sterker KZ

31 jan 2021 - 17:30

LDODK is tsjin de earste nederlaach fan it seizoen oprûn. Yn it thúsduel tsjin KZ út Koog aan de Zaan lutsen de Friezen mei 16-18 oan de koartste ein. In terjocht ferlies, want LDODK helle in min skotpersintaazje. KZ hie fan begjin ôf oan it bettere fan it spul en wie ek sterker yn de rebound.

Foto: Orange Pictures

Nei oerwinningen op Groen Geel (Wormer) en Blauw Wit (Amsterdam) hie LDODK it dreech yn de earste helte. De gasten út Noard Hollân pakten flot in 1-5 foarsprong. Nei tsien minuten koenen Julian en Marloes Frieswyk wat werom dwaan. Earst doe kaam it earste oanfalsfak fan LDODK, mei kluptopskoarder Erwin Zwart, ta skoaren fia Eline Haan en Ran Faber.

Oant 8-8 gie it lykop, mar flak foar it skoft rûn KZ wer út nei in ferskil fan fjouwer: 8-12. Erwin Zwart bepaalde de rêststân op 9-12.

Twadde helte

Nei it skoft kamen de gasten wer op fjouwer ferskil troch in goal fan Jordi Pasma. Mei noch 16 minuten te gean like LDODK dochs werom te kommen. Eline Haan en Erwin Zwart brochten de efterstân werom nei 12-14, en KZ wie minder op skot. Acht minuten foar de ein soarge Zwart mei twa goals sels foar in likense stân, 15-15.

Yn de spannende slotfaze wienen de froulju fan KZ tûk en sleepten de oerwinning oer de streek. Troch it ferlies sakket LDODK foarearst nei it tredde plak, achter koprinner PKC út Papendrecht en KZ. De sterkste fjouwer teams geane nei de play-offs.

KUORBAL LEAGUE

GROEP A DUELS PUNTEN
1. PKC 3 6
2. KZ 3 4
3. LDODK 3 4
4. Blauw Wit 3 2
5. Groen Geel 3 2
6. Oost-Arnhem 3 0
Trefwurden: 
LDODK Kuorbal League KZ
(Advertinsje)
(Advertinsje)