Brûns foar Femke Kok op 1.000 meter, Ireen Wüst sechde

31 jan 2021 - 17:25

Femke Kok hat sneintemiddei opnij brûns pakt op de 1.000 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf. De rydster fan Nij Beets wie fjouwer tsienden stadiger as ferline wike, mar it wie op 'e nij genôch foar in medalje. De oerwinning gie nei de Amerikaanske Brittany Bowe, de Russyske Angelina Golikova pakte sulver.

Sjoch hjir nei in lange reaksje fan Femke Kok

Kok pakte ferline wike ek al brûns. Se ried snein mei 1.14,47 langsumer as in wike earder, mar it wie genôch foar it tredde plak. Ireen Wüst kaam yn 1.14,790 net fierder as it sechde plak. Michelle de Jong mocht ek starte, mar melde har snein ôf nei de 500 meter om't se lêst hat fan de ljisk.

Kok waard earder snein al winner fan de fjirde 500 meter en pakte ek it einklassemint op dy ôfstân.

B-groep

Marijke Groenewoud wie reserve en mocht troch meardere ôfmeldings de 1.000 meter ride. Dêrtroch moast se wol yn de B-groep ride op sneintemoarn. Se einige as twadde yn 1.16,78 efter de Russyske Daria Kachanova.

Utslach 1.000 meter froulju

1. Brittany Bowe (FS) 1.13,96
2. Angelika Golikova (RUS) 1.14,05
3. Femke Kok (NED) 1.14,47
4. Jorien ter Mors (NED) 1.14,64
5. Natalia Czerwonka (POA) 1.14,74
6. Ireen Wüst (NED) 1.14,79

De winst yn it klassemint giet nei Bowe, dy't ek ferline wike al de 1.000 meter wûn. Femke Kok pakte it tredde plak, mei mar ien puntsje efterstân op nûmer twa Jorien ter Mors.

Ireen Wüst waard mei 43 punten fiifde, De Jong kaam mei 36 punten op it tweintichste plak terjochte. Troch har resultaten yn de B-groep pakte Groenewoud noch it 28e plak yn it klassemint.

Wrâldbekerklassemint 1.000 meter froulju

1. Brittany Bowe (FS) 120 punten
2. Jorien ter Mors (NED) 97 punten
3. Femke Kok (NED) 96 punten
4. Angelina Golikova (RUS) 88 punten
5. Ireen Wüst (NED) 78 punten
20. Michelle de Jong (NED) 36 punten
28. Marijke Groenewoud (NED) 24 punten
(Advertinsje)
(Advertinsje)