Sven Kramer en Jorrit Bergsma neist it poadium op 5.000 meter

31 jan 2021 - 16:37

Sven Kramer en Jorrit Bergsma ha sneintemiddei net it poadium helle op de 5.000 meter op de wrâldbekerwedstriid yn Thialf. Se waarden fjirde en sechde. De winst gie nei Patrick Roest, dy't mei 6.05,95 goed twa tellen rapper wie as de Sweedske Nils van der Poel.

Sjoch hjirûnder nei de reaksjes fan Sven Kramer en Jorrit Bergsma.

De Sweedske Nils van der Poel fernuvere de konkurrinsje troch in persoanlik rekôr fan 6.08,39 del te setten, leafst trije tellen rapper as er in wike earder wie. Roest koe dêr dus noch ûnder ride.

Yn de lêste rit besochten Sven Kramer en Jorrit Bergsma it ek, mar it wie al gau dúdlik dat de twa net rap genôch wiene. Kramer kaam mei 6.11,21 noch it tichtst by, mar dat wie sels net genôch om Sergey Trofimov fan it tredde plak te hâlden. Bergsma waard yn 6.12,19 sechde.

B-groep

Marwin Talsma moast lykas ferline wike yn de B-groep ride. De Grouster finishte yn 6.18,06 en dat wie goed foar it twadde plak efter de Noar Sverre Lunde Pedersen.

Utslach 5.000 meter manlju

1. Patrick Roest (NED) 6.05,95
2. Nils van der Poel (SWE) 6.08,39
3. Sergey Trofimov (RUS) 6.10,86
4. Sven Kramer (NED) 6.11,21
5. David Ghiotto (ITA) 6.12,05
6. Jorrit Bergsma (NED) 6.12,19

Roest, dy't ek de earste 5.000 meter al wûn hie, hat ek it klassemint wûn. Sven Kramer pakte noch krekt it twadde plak, ien punt foar Sergey Trofimov. Jorrit Bergsma waard sechde en Talsma pakte it achttjinde plakje.

Wrâldbekerklassemint 5.000 meter manlju

1. Patrick Roest (NED) 120 punten
2. Sven Kramer (NED) 97 punten
3. Sergey Trofimov (RUS) 96 punten
4. Davide Ghiotto (ITA) 83 punten
5. Nils van der Poel (SWE) 79 punten
6. Jorrit Bergsma (NED) 78 punten
18. Marwin Talsma (NED) 49 punten
(Advertinsje)
(Advertinsje)