Plysje Ljouwert hâldt twa minsken oan by coronademonstraasje

31 jan 2021 - 19:00

De plysje hat twa minsken oanholden by in demonstraasje op it Saailân yn Ljouwert. Dat meldt in tsjûge. Der waard demonstrearre tsjin de coronamaatregelen.

Foto: AS Media

De demonstraasje waard holden by it gerjochtsgebou. Der wie in lyts groepke minsken op ôfkaam. Dat melde in wurdfierder fan de gemeente earder op de dei.

Doe't de plysje om trije oere hinne in ein meitsje woe oan de demonstraasje, soene meardere minsken wegere hawwe fuort te gean. Twa fan dy minsken soene troch de plysje oanholden wêze.

De demonstraasje soe rêstich ferrûn wêze. Earder op de dei jilde der noch in needferoardering yn Ljouwert, fanwege sinjalen foar mooglike ûnrêst. Sneontejûn wie de plysje manmachtich oanwêzich yn it sintrum fan de stêd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)